Hotse fan Donia wie grytman fan Hinnaarderadiel.

Hotse wie de tredde soan fan Tjerk Harinxma fan Donia en Auck fan Donia. Hy waard yn 1453 grytman fan Hinnaarderadiel, wenne yn Iens en hie in grut oandiel yn de Donia-oarloch. Mei syn bruorren Agge en Haring ferovere hy de stins fan Janke Douwma en die mei oan harren streuptochten. Hy skynt troud west te hawwen mei Aijl Juckema, mar hat gjin bern neilitten.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Hinnaarderadiel

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Hinnaarderadiel Kategory:Haadling Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 15e iuw