Duco Jongema (1580 - Wommels, 25 desimber 1638) waard op 26 maart 1620 grytman fan Frjentsjerteradiel en op 22 maart 1629 fan Hinnaarderadiel.

Duco wie de soan fan Laas Jongema. Hy wenne op de state Geyns te Wommels. By de begraffenis fan greve Willem Loadewyk fan Nassau droech hy de standert. Yn 1622 wie hy folmacht op de Fryske lândei, earst foar Frjentsjerteradiel en letter foar Hinnaarderadiel, en bleau dat oant syn dea. Duco wie ek dykgraaf fan de Fiif Dielen.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Hinnaarderadiel

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Frjentsjerteradiel Kategory:Grytman fan Hinnaarderadiel Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk dykgraaf Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Wommels Kategory:Persoan berne yn 1580 Kategory:Persoan stoarn yn 1638