Christiaan Johannes Eastersee wie grytman fan Lemsterlân.

Wenne op de state Eastersee, ek wol Blaauwhûs neamd, yn Eastersee, mei rûnom in grêft. Op 21 maart 1609 waard er as grytman oansteld, wie al yn 1601 folmacht op de Lândei, en yn itselde jier deputearre. Yn 1607 wie hy bûtengewoan kommitearde yn de Steaten Generaal. As lid fan de Fryske Steaten folge hy de lykstaasje fan greve Willem Loadewyk yn 1620.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Lemsterlân

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Lemsterlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Deputearre nei de Steaten-Generaal foar 1796 Kategory:Persoan berne yn Eastersee Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 17e iuw