Timannus fan Eastersee, (Eastersee, ? - ?, 1583), wie predikant fan Eastersee.
Timmanus waard yn septimber 1578 oansteld as predikant te Goes, en ûndertekene as foarsitter de hannelingen fan de klassis fan 29 febrewaris 1580 ûnder de namme fan Tiemannus Eruroth, mar trochstrings brûkte er dy oare namme. Hy waard troch de klassis ôffurdige nei de synoade fan 1579 yn Goes. Hy ferskynde letter op de synoade fan Vlissingen yn 1581 en waard dêr ta praeses keazen. Ek wie hy lid fan de nasjonale synoade dy't yn dat jier yn Middelburch gearkaam.
Kategory:Frysk predikant Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Eastersee Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1583