Ype Rinses Poortinga (Rinsumageast, 28 maaie 1910 - Ljouwert, 2 desimber 1985) wie in Fryske skriuwer. Hy waard berne op de pleats rjocht foar de Alexandertsjerke oer, no mei it adres Juckemawei 2. Syn heit hie dy sûnt 1906 yn eigendom en ferkocht him yn 1916 oan Eildert Willems Duijff, de pake fan frisist Pieter Duijff. Yn Rinsumageast is in strjitte nei Poortinga neamd, de 'Dr. Ype Poortingawei'.

Hy studearre Dútsk oan de Universiteit fan Grins en promovearre yn 1940 mei de yn it Frysk skreaune dissertaasje It Fryske Folkstoaniel 1860-1930.

Poortinga wie wittenskiplik meiwurker fan de Fryske Akademy (û.o. wurk oan it Frysk Wurdboek) en letter ek adjunkt-direkteur fan dat ynstitút. Teffens hat er redakteur fan it wykblêd Frysk en Frij west.

Mei Douwe Tamminga hied er fan 1966 ôf it taalkundige tafersjoch oer de Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam.

Ype Poortinga gou as in kenner fan it 19e iuwske folkslibben en hat fan 1972 oant 1977, mei Dam Jaarsma, in protte folksferhalen fêstlein foar it Meertens Ynstitút te Amsterdam.

Foar syn histoaryske roman Elbrich (1950) waard Poortinga de Gysbert Japicxpriis takend.

Bibliografy 1938 - Noedlik doel 1940 - It Fryske Folkstoaniel 1860-1930 1942 - Sinneblink 1946 - De jonkerboer 1947-1949 - Elbrich 1949 - Bline leafde 1966 - Ik haw in man stellen 1967 - Duveldei op Grienlân (Oer robbeslach, walfiskfangst, skipbrek en oerlibje yn Grienlân, basearre op it deiboek fan kommandeaur Hidde Dirks Kat.) 1970 - Kin myn hynder hjir ek stâltje? 1976 - Och, myn leave jonge 1982 - Fryske folksforhalen: Hûndert pûn klûntsjes en in karre fol lytsjild 1982 - Twa dagen dokter 1983 - It bûnte boek 1986 - De skat ûnder de parrebeam 1986 - Ik ha 't ris hân (De sterke ferhalen fan Jan Hepkes Wouda opskreaun troch Ype Poortinga).

Keppeling om utens Skriuwersynformaasje oer Ype Poortinga by Sirkwy Folsleine bibliografy by de DBNL

Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk mearkeskriuwer Kategory:Frysk folklorist Kategory:Frysk publisist Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Bibeloersetter Kategory:Persoan berne yn Rinsumageast Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1985