Johan Edzard fan Douma, ek bekend as Erasmus fan Douma († 26 july 1676), wie grytman fan Aenjewier tusken 1673 en 1677. Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinze yn it noarden oan Utingeradiel, east oan Opsterlân, súd oan Skoatterlân en west oan Haskerlân. Aenjewier hie fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in part fan It Hearrenfean.

Johan wie de soan fan Epo fan Douma, grytman fan Ferwerderadiel, en hat net troud west. Waard oansteld as grytman op 29 july 1673, wie it jier dêrnei ek lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân 1674-1676. Waard yn Hallum begroeven. Yn syn wapen fierde hy in swurd.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Aenjewier

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Aenjewier Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Hallum Kategory:Persoan berne yn de 17e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1676