Norman Colin Dexter OBE (Stamford, Lincolnshire, Feriene Keninkryk 29 septimber 1930 - Oxford, 21 maart 2017) wie in Ingelsk misdiedskriuwer, bekend fan Inspector Morse. Dexter skreau de rige yn it tiidrek 1976-1999. Tusken 1987-2000 ferskynde de telefyzjebewurking.
Ek wie er belutsen by de foarrige Endeavour.
De telefyzjerige Inspector Morse hat 33 ôfleveringen. Yn de measte ôfleverings hie Dexter in kameo-optreden, in byroltsje. De muzyk fan de searje, komponearre troch Barrington Pheloung, hat in motyf basearre op de morsekoade foar M.O.R.S.E. (-- --- ·-· ··· ·)
Dexter siet yn it ûnderwiis, mar moast dêr fanwege tanimmende dôvens mei ophâlde. Dêrnei waard er Senior Assistant Secretary oan de Universiteit fan Oxford Delegacy of Local Examinations – in baan dy't er oan syn pinsjoen yn 1988 hâlde soe. Hy sette útein mei it skriuwen fan mysteryferhalen yn 1973 op in fakânsje yn Wales. Dêr skreau er de earste paragrafen fan in potinsjeel detectiveferhaal mei de titel Last Bus to Woodstock, dat yn 1975 publisearre waard en it personaazje en de wrâld fan Inspector Morse yntrodusearre, in sinnige plysje-ynspekteur mei in kontroversjele wize fan wurkjen en grut leafhawwer foar klassike muzyk en krúswurdriedsels.
Bibliografy Inspector Morse romans 1975 - Last Bus to Woodstock 1976 - Last Seen Wearing 1977 - The Silent World of Nicolas Quinn 1979 - Service of All the Dead 1981 - The Dead of Jericho 1983 - The Riddle of the Third Mile 1986 - The Secret of Annexe 3 1989 - The Wench is Dead 1991 - The Jewel That Was Ours 1992 - The Way Through the Woods 1994 - The Daughters of Cain 1996 - Death is Now My Neighbour 1999 - The Remorseful Day
Novelles en koart ferhaalsamlings The Inside Story (1993) Neighbourhood Watch (1993) Morse's Greatest Mystery (1993); ek útbrocht as As Good as Gold "As Good as Gold" (Morse) "Morse's Greatest Mystery" (Morse) "Evans Tries an O-Level" "Dead as a Dodo" (Morse) "At the Lulu-Bar Motel" "Neighbourhood Watch" (Morse) "A Case of Mis-Identity" (in Sherlock Holmes pastysj) "The Inside Story" (Morse) "Monty's Revolver" "The Carpet-Bagger" "Last Call" (Morse)
Losse koarte ferhalen "The Burglar" yn You, The Mail on Sunday (1994) "The Double Crossing" yn Mysterious Pleasures (2003) "Between the Lines" yn The Detection Collection (2005) "The Case of the Curious Quorum" (mei Inspector Lewis) in The Verdict of Us All (2006) "The Other Half" yn The Strand Magazine (febrewaris–maaie 2007) "Morse and the Mystery of the Drunken Driver" yn Daily Mail (Desimber 2008) "Clued Up" (in ferhaal fan fjouwer siden; Lewis en Morse losse in krúswurdpuzzel op) yn Cracking Cryptic Crosswords (2009)
Keppeling om utens Colin Dexter yn de Internet Movie Database
Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk misdieskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2017