It toponym Brekken betsjut safolle as 'troch it wetter brutsen lân'. It toponym komt in protte foar yn it Fryske leechfeangebiet, it 'Lege Midden'. Bygelyks de Grutte Brekken by De Lemmer. De wetters binne faak troch eroazje of ferfeanting ûntstien. It ferkavelingspatroan oan beide siden fan it wetter is meast itselde, wat der op tsjut dat it wetter earder lân wie.
Toponimen mei Brekken wetters: Bombrekken De Brekken yn de gemeente Skarsterlân Grutte Brekken Krúsbrekken Aldegeaster Brekken Swarte Brekken Flakke Brekken Wite Brekken
oare toponimen: Hoite Brekken, by Tsjerkgaast Holle Brekken by Sleat De Brekken, in troch de Petsleat trochsnien ferlâne marke besuden Driesum De Lytse Brekken, in polder benoarden de Grutte Brekken. De Lytse Brekken, in eardere polder besuden de Grutte Brekken. De Brekken, in wyk op De Lemmer, yn de eardere polder Lytse Brekken. De Brekken, in wyk fan Snits, by de Wite- en Swarte Brekken.
Kategory:Histoaryske geografy Kategory:Etymology fan plaknamme Kategory:Toponym