De universiteit fan Cambridge is in universiteit yn de Ingelske stêd Cambridge. It is de twads-âldste universiteit yn de Ingelsksprekkende wrâld (nei de Universiteit fan Oxford), en de sânde nei âldens yn de wrâld.
Skiednis De universiteit fan Cambridge waard yn 1209 stifte troch gelearden út Oxford, wierskynlik studinten dy't it net fine koenen mei de pleatslike befolking; dat harren besluten die om te ferfarren. De Universiteit fan Cambridge en de Universiteit fan Oxford wurde tegearre ek wol ynformeel oantsjut mei Oxbridge. Sy hawwe neist oerienkomsten ek in lange skiednis fan rivaliteit.
De universiteit bestiet út 31, oant op sekere hichte, ûnôfhinklike kolleezjes dy't faak om in plein as gersfjild (court) hinne boud binne en dêr't studinten yntern wenje. Elts kolleezje is apart stifte troch in foarst, geastlike of begoedige boarger. Fan de 31 kolleezjes, binne der 3 dy't allinne froulju talitte en twa dy't allinne postgraduate-studinten oannimme, m.o.w. op masters- of doktoraatsnivo.
By gelegenheid fan it 800-jierrich bestean yn 2009 organisearre de universiteit dat jier in rige eveneminten om de universiteit en har meast ferneamde alumni (sa as John Milton, Sir Isaac Newton en Charles Darwin) hinne.
De útjouwerstûke fan de universiteit, de Cambridge University Press, is de âldste printer en útjouwer yn de wrâld en de twads grutte unversiteitsútjouwerij yn de wrâld.
Reputaasje Op it mêd fan ûnderrjocht hat Cambridge in izersterke reputaasje. Neffens UCAS, it Ingelske systeem foar applikaasje fan studinten, binne Cambridge en Oxford de twa meast selektive universiteiten fan Ingelân. Der is in apart talittingsprogramma foar studinten dy't oan ien fan dy universiteiten studearje wolle.
Dat wurdt wjerspegele yn de kwaliteit fan it ûnderwiis en ûndersyk. Trinity College allinne al hat 36 Nobelpriiswinners ûnder har âld-studinten. In hiel Frankrijk binne dat sa'n 50. De hiele Universiteit fan Cambridge hat 65 Nobelpriiswinners opsmiten, mear as hokker oare universiteit yn de wrâld ek.De Ingelsktalige wikipedia jout 65, de Nederlânsktalige 82 en de Frânsktalige 88 Nobelpriiswinners
Yn ranglisten fan de Britske oerheid út 2001 en 2008 waard Cambridge beide kearen oantsjut as de bêste universiteit fan Ingelân. De "Times Higher Education ranking" foar de bêste universiteiten fan de wrâld, sette Cambridge yn 2009 op it twadde plak, nei de yn it Amerikaanske Cambridge húsmanjende Harvard-universiteit.
De kolleezjes thumb|260px|Sicht op Clare College en King’s College Chapel thumb|260px|Sicht op Trinity College, Gonville and Caius College, Clare College en King’s College Chapel thumb|260px|Fakulteit Godgeleardens
KolleezjeStiftingsjierChrist’s 1505Churchill 1960Clare 1326Clare Hall 1965Corpus Christi 1352Darwin 1964 Downing1800Emmanuel 1584Fitzwilliam 1869 (as Fitzwilliam Hall)Girton 1869 Gonville en Caius 1348Homerton 1976Hughes Hall 1886Jesus1496King’s 1441Lucy Cavendish 1965Magdalene1428Murray Edwards (oant 2008 New Hall)1954Newnham1871Pembroke 1347Peterhouse1284Queens’1448Robinson1979St Catharine’s 1473St Edmund’s 1896St John’s1511Selwyn1882Sidney Sussex1596Trinity1546Trinity Hall 1350Wolfson1965
thumb|center|800px|<center>Great Court fan 'Kings College
Keppeling om utens Offisjele webside fan de Universiteit fan Cambridge
Cambridge Kategory:Cambridge Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1209