Simon Dasberg (Dordrecht, 13 novimber 1902 - Bergen-Belsen, 24 febrewaris 1945) wie in Nederlânse opperrabbyn.JodeninGroningen.nl: rabbijnen

Libben en wurk Dasberg wie in soan fan rabbyn Samuel Dasberg en Dina de Vries. Hy troude 1929 mei Isabella Franck (1906-1945), sy krigen fjouwer bern.

Hy gie nei it gymnasium yn Dordrecht en gie doe nei Amsterdam dêr't er oan it Nederlânsk Israelitysk Seminarium, ûnder rektor Ph.J.B. Gobits en dy syn opfolger Lion Wagenaar, fierder studearre. Hy helle dêrneist syn kandidaats yn de Semityske talen oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1927 krige er syn moré-titel. Hy waard haad fan de Israelyske Godstsjinstskoalle yn Amsterdam en wie lieder fan mizrachistyske jeugdgroepen.

Yn 1929 waard Dasberg ynstallearre as opperrabbyn fan Fryslân. Op 20 maart 1932 folge de ynstallaasje as opperrabbyn fan it resort Grinslân. Dêrneist bleau er ad interim yn Fryslân, oant er yn 1935 opfolge waard troch Abraham Salomon Levisson.

Dasberg wie yn de Twadde Wrâldkriich lid fan de Joodsche Raad. Hy waard yn 1942 beneamd ta plakferfangend opperrabbyn fan Amsterdam. Op 29 septimber 1943 waard hy mei syn húshâlding nei kamp Westerbork deportearre en dêrwei op 11 jannewaris 1944 nei Bergen-Belsen brocht. Dêr stoar er oan lijen en brekme en in hertoanfal.Hagedoorn, J. 'Dasberg, Simon (1902-1945)', yn Biografysk Wurdboek fan Nederlân.

Kategory:Nederlânsk opperrabbyn Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Holokaustslachtoffer Kategory:Persoan omkommen yn Bergen-Belsen Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1945