Petrus van Oeckelen (Breda, 15 augustus 1792 - Glimmen, 13 augustus 1878), wie in Nederlânske oargelbouwer.
Om 1808 hinne waard er beneamd as stedsbeierdier fan Breda. Yn 1810 ferhuze er nei Grins dêr't er beneaamd wie as beiardier fan de Martinitoer. Yn 1837 festige er him as oargelbouwer yn Harendermolen, ûnder Glimmen. Dat jier naam er it bedriuw fan de ferstoarne oargelbouwer Johannes Wilhelmus Timpe oer.
Letter giene twa fan syn soannen, Cornelis Aldegundis en Antonius, mei it bedriuw fan har heit fierder.
Oargels fan Van Oeckelen thumb|Oargel fan Petrus van Oeckelen yn de Terptsjerke yn Akkrum
De katolike Petrus van Oeckelen en syn soannen makken ferskate oargels foar tsjerken yn noard-Nederlân. Mei de firma van Dam út Ljouwert behearden sy yn de 19e iuw, by de meast produktive oargelbouwers yn it noarden fan it lân. Petrus van Oeckelen syn bedriuw hat ûnder oaren foar de neifolgjende tsjerken oargels boud: Kleastertsjerke (Assen) (1819, yn 1848 oerbrocht nei de Jozefkerk yn Assen en dêrnei nei de Clemenskerk yn Havelte Herfoarme tsjerke ynvormde kerk te Strijen (1839) Koepeltsjerke fan Smilde (1839) Broertsjerke (Grins) (1841, oerbrocht nei de Rehobothtsjerke yn Tholen) Jakobustsjerke (Rolde) (1847) Tsjerke fan Breede (1849) Tsjerke fan Garmerwolde (1851) Terptsjerke te Akkrum (1856) Grutte of Sint-Clementsjerke (Stienwijk) (1860) Tsjerke fan Odoorn (186y Alde tsjerke (Veenendaal) (1866) Luterske tsjerke (Nieuwe Pekela) (1868) Sint-Gangulfustsjerke (Fisfliet) (1869) Tsjerke fan Noardwyk (1871) Eastertsjerke (Amsterdam) (1871) Marijetsjerke (Oentsjerk) (1872) Tsjerke fan Ruinerwold (1872) Andreastsjerke (Westeremden) (1873) Tsjerke fan Eexta (1874) Nijtsjerkje fan Oosteinde (Grinslân) (1874) Koepeltsjerke (Sappemeer) (1875) Tsjerke fan Boerum (1876) Herfoarme tsjerke fan Veessen Herfoarme tsjerke (Stadskanaal) (1876) Bartholomeüstsjerke (Noardlaren) (1876, twa jier nei de bou stoar Van Oeckelen; hy kaam yn Noardlaren te hôfStichting Dodenakkers: Noordlaren - Hervormde begraafplaats) Pleintsjerke Houten (1878) Hoftsjerke (Hurdegaryp) (1879) Fierders waarden al besteande oargels troch him mferboud as oerbrocht nei oare tsjerken. Nei syn dea hawwe syn soannen noch it tal tsjerkoargels makke foar tsjerken yn Noard-Nederlân, mar ek op oare palkken yn it lân.
Literatuer , Petrus van Oeckelen: orgelmaker te Harenermolen bij Groningen, uitg. Stichting Groningen Orgelland, Grins, 1985 , Repertorium van de orgels gebouwd door Petrus van Oeckelen, orgelmaker te Harendermolen (Groningen), útj. Gunnink, Swol, 1990 (doktoraalskripsje muzykwitteskip) , Het orgel in de kerk van Tolbert - Andere activiteiten van de orgelmakers Van Oeckelen in het Zuidelijk Westerkwartier, uitg. Stichting tot behoud van het Nederlandse Orgel, Elburg, 2001
Kategory:Nederlânsk oargelbouwer Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1792 Kategory:Persoan stoarn yn 1878