thumb|260px|Earder tichelwurk oan it Dokkumergrutdjip, ûnder Eastrum It tichelwurk fan Eastrum is in eardere masinale stienbakkerij, oan it Dokkumer Grutdjip.

Skiednis thumb|left|150px|Skoarstien mei mitsele nissen It bedriuw tichtby Eastrum waard om 1872 hinne oprjochte troch Jan Helder (1842-1906). Nei syn ferstjerren yn 1906 stie it bedriuw bekend ûnder de namme N.V. Machinale Steenfabriek te Oostrum v/h J. Helder Pzn. It bedriuw soe benei hûndert jier bakstiennen meitsje. Yn 1968 waard de stienfabrikaazje beëinige yn it ramt fan de sanearring fan de bakstienyndustry yn Nederlân. De bedriuwsgebouwen waarden yn 1969 yn de ferkeap setten. It terrein wurdt sûnttiids brûkt as opslachterrein fan in oannimmer.

Bysûnder is de skoarstien, dêr't it ûnderste part fan út 1872 is.Stichting Yndustrieel erfguod Noard-Nederlân: Stienfabryk Eastrum It ûnderste diel is fersierd mei mitsele nissen (sjoch detailôfbylding). Oarspronklik foarme de kraach fan siermitselwurk de ein fan de skoarstien. Yn 1879 waard de skoarstien langer makke. Dielen fan it fabrykskompleks binne erkend as ryksmonumint en wurde sjoen as wichtich yndustrieel erfgoed.

Al yn de midsiuwen waard der sprutsen fan it meitsjen fan bakstien yn Eastrum. Oan dy tradysje kaam in ein yn 1968. De ringûne is in foarbyld fan 'ien fan de ierste goed wurkjende ringûnen yn Nederlân'. It fabryk is it ienichste noch geve foarbyld yn syn soarte yn Fryslân.Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod Stienbakkerijkompleks Eastrum

Desimber 2017 waard bekend dat de piip fan it fabryk restaurearre wurde sil. De eigener is fan doel om in museum en in fergaderseal yn it âld fabryk te realisearjen. Schot in zaak steenfabriek. Frysk Deiblêd, 14 desimber 2017, s. 17

Kategory:Bouwurk yn Dongeradiel Kategory:Bouwurk yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Dongeradiel Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Fabryksgebou yn Fryslân Kategory:Yndustrieel erfgoed yn Nederlân Kategory:Eastrum Kategory:Bouwurk út 1872