thumb|Toer fan Wikel De Fêste Boarchtsjerke (Nederlânsk: Vaste Burchtkerk) is in tsjerkegebiou oan de Menno van Coehornwei yn Wikel.
Sûnt 2004 hjit de tsjerke Fêste Boarchtsjerke. Oer it boujier fan de tsjerke bestiet ûndúdlikheid. De toer komt út de 15e iuw. Foar de werbou fan it skip wurdt it jier 1671 neamd, sa't ek oanjûn wurdt troch de jiertalankers op de toer. It kin ek wêze dat de tsjerke pas om 1695 werboud waard.Reinstra, A (2009) Menno Baron van Coehoorn Frjentsjer: Utjouwerij Van Wijnen, ISBN 978 9051943665 De toer waard yn 1821 restaurearre. Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
Yn de tsjerke leit it prealgrêf fan Menno van Coehoorn (1641-1704). It waard ûntwurpen troch Daniël Marot en makke troch de byldhouwer Pieter van der Plas. Der styeane twa hearebanken. De grutste wie fan de famylje Van Coehoorn. It oargel komt út 1900 en is makke troch Bakker & Timmenga.
Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân List fan ryksmonuminten yn Wikel
Kategory:Wikel (plak) Kategory:Tsjerkegebou yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Tsjerkegebou yn De Fryske Marren Kategory:Ryksmonumint yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Ryksmonumint yn De Fryske Marren Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk út 1671