Maria Johanna (Doeschka) Meijsing (Eindhoven, 21 oktober 1947 - Amsterdam, 30 jannewaris 2012Schrijfster Doeschka Meijsing overleden), de âldere suster fan skriuwer Geerten Meijsing en filosofe Monica Meijsing, wie in Nederlânske skriuwer fan ferhalen en romans.
Biografy Meijsing studearre Nederlânsk en literatuerwittenskip oan de Universiteit fan Amsterdam. Fan 1971 oant 1976 joech sy les oan it St. Ignatiusgymnasium. Dêrnei wie sy oant 1978 wittenskiplik meiwurker ian it Ynstitút foar Neerlandistyk fan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1978 waard Meijsing redaktrise foar de boekebylage fan Vrij Nederland en yn 1989 waard hja literatuerredakteur fan it opinyblêd Elsevier.
Skriuwer Fan 1969 ôf publisearre Doeschka Meijsing yn Podium, letter ek yn De Revisor; dêrtroch wurdt hja ta de streaming fan de Revisor-auteurs rekkene. yn 1974 ferskynde har earste ferhalebondel De hanen en andere verhalen. De gastkolleezjes dy't sy oan de Universiteit fan Grins joech, binne bondele yn Hoe verliefd is de toeschouwer? (1988). Meijsing skreau ek poëzy (Paard Heer Mantel, 1986). Yn 1997 wûn hja de Opzij Literatuerpriis (dy't doe noch de Annie Romeinpriis hjitte).
Tematyk Wichtige tema's yn Meijsing har wurk binne de ferhâlding tusken ferbylding en werklikheid, de fassinaasje foar in bewûndere persoan - mei jaloerskens fan gefolgen - en de tiid. Har haadpersoanen binne kwetsbere bûtensteanders dy't yn de fantasy flechtsje.
Doeschka Meijsing wie lesbysk en hat ferskate relaasjes mei froulju hân. Foar har lêste roman Over de liefde út 2008, dy't bekroane waard mei sawol de AKO-Literatuerpriis as de F. Bordewijkpriis en de Opzij Literatuerpriis, brûkte sy ien fan har relaasjes (dy mei Xandra Schutte) as ynspiraasjeboarne. Dy relaasje gie stikken omdat har freondinne har ferliet foar in oar. Meijsing liet har nettsjinsteande har homoseksualiteit negatyf út oer homoseksuele ferhâldingen en homohoulik, omdat - benammen doetiids - fuortplantsjen en it foarmjen fan in húshâlding yn dy relaasjes net mooglik binne.Rachel Levy, "Meijsing laat gedurfde thema's liggen" op Recensieweb sjoen 4-2-10
Ferstjerren Doeschka Meijsing stoar oan de komplikaasjes fan in swiere operaasje. Sy wenne oant har dea ta yn Amsterdam-Súd.
Bibliografy 1974 - De hanen en andere verhalen 1976 - Robinson 1977 - De kat achterna 1980 - Tijger, tijger! (bekroane mei de Multatulipriis 1981) 1982 - Utopia of De geschiedenissen van Thomas 1982 - Zwaluwen en Augustein 1985 - Ik ben niet in Haarlem geboren 1986 - Paard Heer Mantel (gedichten) 1987 - Beer en Jager 1988 - Hoe verliefd is de toeschouwer? 1990 - De beproeving 1992 - Vuur en zijde 1994 - Beste vriend 1996 - De angstige waakhond 1996 - De weg naar Caviano 2000 - De tweede man (nominearre foar de AKO Literatuerpriis 2000) 2002 - 100% chemie (Tzumpriis foar de bêste literêre sin 2003) 2005 - Moord en doodslag (tegearre mei broer Geerten Meijsing) 2008 - Over de liefde (AKO Literatuerpriis, F. Bordewijkpriis, Opzij Literatuerpriis)
Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1947 Kategory:Persoan stoarn yn 2012