thumb|250px|Minister Pais yn in kommisjegearkomst (1980). Aäron (Arie) Pais (De Haach, 16 april 1930 - Amsterdam, 25 juny 2022) wie in Nederlânske politikus en earder foarsitter fan de Nederlandse Vegetariërsbond.

Pais folge it Vossius Gymnasium tn Amsterdam en studearre dêrnei ekonomy. Hy wie ekonoom en VVD-politikus, dy't yn 1977 de earste liberale minister fan Underwiis nei de oarloch wie. Hy folge dat jier de sosjaaldemokraat Van Kemenade op en wizige dy syn plannen dy't de werstruktuerearring fan it wittenskiplik ûnderwiis en de middenskoalle oanbelangen. Pais brocht yn 1981 de Wet twafasenstruktuer wittenskiplik ûnderwiis en de Wet op it basisûnderwiis ta stân.

Pais wie heechlearaar foardat er minister waard en ek gemeenteriedslid yn de gemeente Amsterdam. Nei't er minister west hie wie er skraachwurk in jier Earste Keamerlid en doe ficepresidint fan de Europeeske Ynvestearringsbank.

Hy wie troud mei Eegje Schoo, dy't ûnder mear ek minister west hat.

Bibliografy Omkijken-een logboek. Prometheus, 2016

Kategory:Nederlânsk ekonoom Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Gemeenteriedslid fan Amsterdam Kategory:Nederlânsk provinsjaal politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Underwiis Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2022