The Beat (yn Amearika The English Beat) is in Ingelske 2-Tone skaband oprjochte yn 1978 yn Birmingham. De band brocht yn 1980 syn debútalbum I Just Can't Stop It út. Yn 1983 waard de band opheft, mar yn 2006 waard in trochstart makke. The Beat hat trije studio-albums en ien live-album útbrocht, de ôfsplissingen fan The Beat ha trije studio-albums en twa live-albums útbrocht.

Skiednis The Beat, bestie út Dave Wakeling (sjonger & gitaar), Ranking Roger (sjonger), Andy Cox (gitaar), David Steele (bas), Everett Morton (drums) en Lionel Augustus Martin (Saxa) (saksofoan). Se hawwe begjin jierren 80 trije studio albums makke: "I Just Can't Stop It" (1980), "Wha'ppen?" (1981) en "Special Beat Service" (1982) en in rige singels, ûnder oaren: "Mirror in the Bathroom", "Too Nice To Talk To", "Can't Get Used To Losing You" en "Hands off She's Mine".

Untstean en suksessen The Beat ûntstie yn Birmingham, yn in tiid dat wurkleazens heech wie en dêrtroch yn Ingelân in soad sosjale ûnrêst wie. De komst fan Ranking Roger, ien fan de sjongers fan de band foege in Jamaikaanske smaak oan it lûd fan de band ta, krekt as saksofonist Saxa, dy't diel útmakke hie fan earste ska-weach, dêr't er spile hat mei mannen as Prince Buster, Laurel Aitken, en Desmond Dekker. Hy kaam by de band doe't dy har earste singel opnaam, "Tears of a Clown", bekend fan de Motownhit fan Smokey Robinson and the Miracles.

Oare opfallende singels fan it earste album binne "Can't Get Used to Losing You," "Mirror In the Bathroom," "Hands Off She's Mine" en "Best Friend." Mei de earste beide nûmers hie de band ek beskieden hits yn Nederlân. Foar de promoasje fan it twadde album fan The Beat "Wha'ppen?" waard yntensyf toerd yn Ingelân, op it fêste lân fan Europa en yn de Feriene Steaten dêr't se spilen mei The Pretenders en Talking Heads. It album soarge foar nije hits yn Ingelân mei "All Out to Get You" en "Too Nice To Talk To," dy't dêr beide de top 40 hellen. Yn de Feriene Steaten waard The Beat stipe troch moderne rock-radiostasjons as KROQ-FM yn Los Angeles en KYYX yn Seattle.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) I Just Can't Stop It23 maaie 1980Go-FeetTears of a Clown,Hands Off...She's Mine,Mirror in the Bathroom,Best FriendWha'ppen?8 maaie 1981Drowning,Doors of Your HeartSpecial Beat Service1 oktober 1982Save It for Later,Jeanette,I Confess

Live-albums Album Utbrocht op Label Live! at the US Festival10 septimber 2012Floating World

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opWhat Is Beat?3 juny 1983B.P.M.: The Very Best of the Beat29 jannewaris 1996Beat This! The Best of the Beat20 novimber 2000The Platinum Collection10 jannewaris 2006You Just Can't Beat It: The Best of the Beat4 febrewaris 2008Keep the Beat: The Very Best of the English Beat10 july 2010Greatest25 maaie 2015Hard to Beat: Best of the Beat25 augustus 2017

Kategory:Ingelske skaband Kategory:Ingelske reggaeband Kategory:Ingelske soulband Kategory:Band oprjochte yn 1978 Kategory:Band opheft yn 1983 Kategory:Band oprjochte yn 2006