De Fermanje fan Holwert is in monumintaal tsjerkegebou yn Holwert.

Skiednis thumb|left|De earste stien yn de fermanje mei de nammen fan Hessel Jans Hesseling en Jan Gerlofs Jensma'' Al yn 1563 wie der in groep menisten yn Holwert. Leenaerd Bouwens doopte yn dat jier 67 gemeenteleden en yn de tiid fan 1568 oant 1582 167 leden.

Yn 1692 waard der in tsjerkegebou oan de Keningsstrjitte yn gebrûk nomd. It hjoeddeiske tsjerkegebou is fan 1850. De foarside hat in neoklassisistysk oansjen mei in wyt beplastere gevel en op ioanyske pilasters. De efterlizzende tsjerke is fan bakstien en net beplastere. De earste stien waard yn 1850 troch Hessel Jans Hesseling en Jan Gerlofs Jensma lein. Beide manlju ferstoaren inkele jierren letter, efterelkoar 77 en 78 jier âld.Tresoar: Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum

Yn de perioade foar de bou fan de tsjerke wie Marten Martens predikant fan de meniste gemeente. Hy stie mear as 50 jier yn de gemeente fan 1798 oant 1849. It jier nei it einigjen fan syn funksje waarden der yn syn gemeente twa nije fermanjes boud, yn Holwert en yn Ternaard. Hy ferstoar twa jier letter yn 1852.

De tsjerke is erkend als ryksmonumint.

Oargel It oargel waard yn 1906 boud troch Bakker & Timmenga. It ynstrumint hat njoggen registers, ien manuaal en in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens Dispoysje oargel

Kategory:Holwert Kategory:Tsjerkegebou yn Dongeradiel Kategory:Tsjerkegebou yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Dongeradiel Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1850