thumb|left|100px|Wapen fan Erdenet Erdenet (Mongoalsk: Эрдэнэт / ᠡᠷᠳᠡᠨᠡᠲ, letterlik 'mei skatten') is in yndustrystêd yn Mongoalje. It is de twadde stêd fan it lân nei de haadstêd Ulaanbaatar. Erdenet leit likernôch 410 kilometer noardwestlik fan Ulaanbaatar yn de Ajmag Orhon, dêr't it ek de haadstêd fan is.
Erdenet leit oan de foet fan it Burengiin-berchtme. De stêd waard pas yn 1975 stifte, om de wurknimmers fan de nije kopermyn ûnder te bringen. Op kaarten út de tiid fan it kommunisme yn de Sovjet-Uny waard it plak om reden fan har strategysk belang mei opsetsin op in ferkeard plak oanjûn.
Ferkear en ferfier Erdenet is it einpunt fan in sydtûke fan de Trans-Mongoalyske spoarline, dy't yn Darchan op it haadtrasee oanslút. Twaris deis rydt der in bus nei de haadstêd en werom. De lofthaven fan Erdenet (ZMED/ERT) wurdt net mear brûkt.
Ekonomy thumb|260px|Twa gers op 'e Mongoalske steppe Erdenet hat de op fjouwer nei grutste kopermyn yn de wrâld. De myn is in Mongoalsk-Russyske joint venture. De myn soarget foar it grutste part fan de Mongoalske ynkomsten út eksport en belestingen. Lange tiid waard allinnich kopererts útfierd, mar hjoededei is de mynbou-ûndernimming by steat om sels suver koper te produsearjen. Teffens wurdt der molybdeen wûn.
Fierders sit der yn Erdenet in ynternasjonaal ferneamde tapytfabriek, in fabryk foar libbensmiddels en ferskate houtferwurkjende bedriuwen, dy't hout út de taiga ferwurkje ta timmerhout foar meubels en joerten (Mongoalsk: in ger).
Mynbou by Erdenet
Befolking Untjouwing ynwennertal - 1975 rûsd 1979 telling 1981 rûsd 1985 rûsd 1989 telling 1994 rûsd 2000 telling 2003 rûsd 2004 rûsd 2005 rûsd 2006 rûsd 2007 rûsd 2008 rûsd4.10031.90038.70045.40056.10063.00068.31078.88280.85881.24983.16085.12186.866
Susterstêden Erdenet is ferbûn mei: Stêd Regio Lân Fairbanks Alaska Feriene Steaten Ulan Ude Burjatia Ruslân Székesfehérvár 20px Fejér 20px Hongarije
Gallery
Keppelings om utens Wikitravel's reisgids foar Erdenet Erdenet Mining Corporation
Kategory:Plak yn Mongoalje Kategory:Plak stifte yn 1975