De Olympyske Simmerspullen 1928, offisjeel de Spullen fan de IXe Olympiade, wie de achtste Spullen yn de rige fan de moderne Olympyske Spullen. De Spullen waarden organisearre yn Amsterdam, Nederlân. De hynstesport hie plak op ferskate lokaasjes it dressuer waard hâlden op Sportpark Hilfertsom De úthâldingsproef fan it eventing rûn fan Hilfertsom nei Lage Vuursche oer it bûten Drakestein oant de kleasterleane ta. De springûnderdielen waarden net yn Hilfersom hâlden mar yn it Olympisch Stadion
Medaljespegel De top Njoggen fan lannen dy't by de hynstesport medaljes wûn ha op de Olympyske Simmerspullen fan 1928. 1 Nederlân 2 1 1 4 2 Dútslân 2 0 1 3 3 Tsjechoslowakije 1 0 0 1 Spanje 1 0 0 1 5 Frankryk 0 2 0 2 6 Sweden 0 1 2 3 7 Poalen 0 1 1 2 8 Noarwegen 0 1 0 1 9 Switserlân 0 0 1 1
Lokaasjes
Lokaasje sport Sportpark Hilfertsom 100px Dresseur Bûten Drakesteyn 100px Eventing (úthâldingsproef) Olympisch Stadion 100px Springen Sportpark Hilfertsom It Sportpark Hilfertsom waard yn 1920 oanlein. It sportpark waard foarsjoen fan in fuotbalfjild mei atletykbaan en in aparte drafbaan. De haadtribune is in ûntwerp fan Willem Dudok, dy't him kenmerket troch de Amsterdamske Skoalle. Sûnt 1991 is dizze tribune in ryksmonumint. De drafbaan is yn 1989 sletten en letter sloopt foar wenningen en kantoaren. Tsjintwurdich wurdt it sportpark allinnich brûkt troch de Gooise Atletiek Club, it fuotbalfjild is fuorthelle en oanpast foar atletyksporten.
Bûten Drakesteyn It bûten Drakesteyn by Lage Vuursche is ûntstien yn 1360. Drakesteyn kaam yn 1959 yn besit fan it kenniklike famylje. Mar wilens de Olympyske Simmerspullen fan 1928 wie it noch yn besit fan de famylje Bosch.
Olympisch Stadion It Olympisch Stadion waard boud yn 1928 en hie doe plak foar 31,600 taskôgers yn 1987 wie de gemeente Amsterdam fan plan it stadion te ôf te brekken, mar dat waard krekt op 'e tiid opkeard troch monumintensoarch. Tusken 1996 en 2000 waard it yn tuskentiid slim fertuteaze stadion yngreven opknapt, doe is wol it velodroom ferdwûn. Hjoed de dei wurd it Stadion wer brûkt foar lytse en gruttere eveneminten faaks mei in Olympysk Sportkarakter.
Utslaggen Dressuer {| width=100% | width=40% align=left valign=top | Yndividueel # Ruter Hynder Lân Carl-Friedrich von Langen Draufgänger Charles Marion Linon Ragnar Olson Günstling 11 augustus
lannen # Ruters Hynders Lân Carl-Friedrich von LangenHermann LinkenbachEugen von Lotzbeck Draufgänger Gimpel Caracalla Ragnar OlsonJanne LundbladCarl Bonde Günstling Blackmar Ingo Jan van ReedePierre VersteeghGerard le Heux Hans His Excellence Valérine 11 augustus
Eventing {| width=100% | width=40% align=left valign=top | Yndividueel # Ruter Hynder Lân Charles Pahud de Mortanges Marcroix Gerard de Kruijff Va-t‘En Bruno Neumann Ilja II 11 augustus Lannen # Ruters Hynders Lân Charles Pahud de MortangesGerard de KruijffDolf van der Voort van Zijp Marcroix Va-t‘En Silver Piece Bjart OrdingArthur QuistEugen Johansen And-Over Hidalgo Baby Michał AntoniewiczJózef TrenkwaldKarol Rómmel Moja Miła Lwi Pazur Doneuse 11 augustus
Springe {| width=100% | width=40% align=left valign=top | Yndividueel # Ruter Hynder Lân František Ventura Eliot Pierre Bertran de Balanda Papillon Charles-Gustave Kuhn Pepita 12 augustus
Lannen # Ruters Hynders Lân José Navarro MorenésJosé Álvarez de BohórquezJulio García Fernández Zapatazo Zalamero Revistada Kazimierz GzowskiKazimierz SzoslandMichał Antoniewicz Mylord Ali Readgleadt Karl HansénCarl BjörnstjernaErnst Hallberg Gerold Kornott Loke 12 augustus
1928 Hinstesport