thumb|left|Haadtimpel fan 18e iuwske Boedistyske kleasterkompleks Mandzushirin Khiid
Zuunmod (Зуунмод) is it haadplak fan de Sintrale Provinsje (Töv aimag) fan Mongoalje, it leit sa'n 30 km besuden de haadstêd Ulaanbaatar. Zuunmod hat in befolking fan 14.660 (2006) en in oerflak fan 19,18 kante kilometer"Төв аймгийн төв Зуунмод хот нь 1918 га газартай": Offisjele webside fan Töv aimag. Zuunmod leit oan de súdkant fan de berch Bogd Khan Uul ('berch fan de hillige Khan'), 43 km fan Ulaanbaatar.
Zuunmod waard haadplak fan Töv aimag yn 1942. Oant dat jier ta siet it provinsjebestjoer yn Ulaanbaatar.
Libbene have Yn 2004 hie Zuunmod offisjeel sa'n 24000 stiks libbene have: 8.500 geiten, 12.000 skiep, 2.000 kij en likernôch likefolle hynders; der wienen doe gjin kamielenNasjonaal Buro foar Statistyk: Telling libbene have 2004 (yn 't Mongoalsk), s.109.
Kategory:Plak yn Mongoalje Kategory:Plak stifte yn de 18e iuw