thumb|280px|It brêgewachtershûs op de hoeke fan it Suderbolwurk en de Keppelstrjitte yn Dokkum It brêgewachtershûs is in monumintaal pân oan it Suderbolwurk yn Dokkum. thumb|left|120px|Gevelstien mei jiertal en wapen fan Dokkum It neoklassisistyske pân op de hoeke fan de Keppelstrjitte en it Suderbolwurk yn Dokkum waard yn 1834 boud. Yn de foargevel sit in gevelstien mei it boujier, it wapen fan Dokkum en de letters SPQD. Dy letters betsjutte Senatus Populus Que Doccumensis ('Regear en folk fan Dokkum').

It lege pân mei skylddak hat twa hoekskoarstiens en twa dakkapellen mei frontons.Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod Brêgewachtershûs Dokkum De wenning waard brûkt as brêgewachtershûs. It pân is in ryksmonumint.

Foar it brêgewachtershûs oer, op de oare hoeke fan de Keppelstrjitte en it Suderbolwurk, leit in oar monumintaal pân, it Kollumer Fearhûs.

Kategory:Hûs yn Dongeradiel Kategory:Hûs yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk yn Dokkum Kategory:Ryksmonumint yn Dongeradiel Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1834