Elvis Costello (Londen, 25 augustus 1954 as Declan Patrick MacManus) is in Ingelske popmuzikant dy't yn it midden fan de 70-er jierren furoare makke yn de Londenske pub-rock wrâld. In jiermannich letter wie hy, tegearre mei artysten as Joe Jackson ien fan de eksponinten fan de Punk rock/New Wave beweging. Costello hat him yn de rin fan syn karriêre ûntpoppe as in muzikale kameleon, dy't syn muzyk muoiteleas meikleurje lit mei eltse winske styl. By it grutte publyk is hy benammen bekend mei it nûmer She (1999) en syn optreden op it Live Aid-konsert yn Londen (1985) mei it Beatles-nûmer All You Need Is Love.

Jeugd en begjinjierren Costello is de soan fan Lilian Alda en Ross MacManus (1927-2011). Syn heit, fan Ierske komôf, wie jazzmuzikant en bandlieder ûnder de namme Day Costello. Costello is opgroeid yn Twickenham en gie nei de Secondary Modern School yn Hounslow. Syn earste publieke optreden wie yn in TV-reklame foar limonade tegearre mei syn heit. De TV-spot waard yn 1974 mei silver bekroand op in ynternsjonaal reklame festival.

Yn 1971 ferhuze Costello mei syn yn Liverpool berne mem nei Birkenhead. Dêr foarme hy syn earste band tegearre mei Allan Mayes. Neidat hy syn middelbere skoalle ôfmakke hie, gie Costello werom nei Londen dêr't hy mei de band Flip City it pubrock sirkwy yn dûkte. Om dizze tiid hinne feroare hy syn namme yn D.P. Costello. Om yn syn ûnderhâld te foarsjen wurke hy hjir en dêr op kantoar, ûnder oaren by it bekende kosmetikabedriuw Elisabeth Arden en de Midland Bank. Hy bleau nûmers skriuwen en die alle war om in solo plate-kontrakt te krijen. Op basis fan in demo-tape krige hy in oanbieding fan in lyts ûnôfhinklik label, Stiff Records. Syn manager dêr, Jake Riviera stelde foar syn artystenamme te feroarjen yn Elvis Costello.

Diskografy My Aim Is True, 1977 This Year's Model, 1978 Armed Forces, 1979 Get Happy!!, 1980 Trust, 1981 Almost Blue, 1981 Imperial Bedroom, 1982 Punch the Clock, 1983 Goodbye Cruel World, 1984 King of America, 1986 Blood and Chocolate, 1986 Spike, 1989 Mighty Like a Rose, 1991 The Juliet Letters, mei Brodsky Quartet, 1993 Brutal Youth, 1994 Kojak Variety, 1995 All This Useless Beauty, 1996 Costello & Nieve, 1996 Painted from Memory, mei Burt Bacharach, 1998 For the Stars, mei Anne Sofie von Otter,2001 When I Was Cruel, 2002 North, 2003 The Delivery Man, 2004 My flame burns burns blue, 2006 The River in Reverse, mei Allen Toussaint, 2006 ''Momofuku' mei The Imposters, 2008

Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk muzikant Kategory:Ingelsk gitarist Kategory:Ingelsk rockartyst Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Grammy-winner Kategory:Ingelsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1954