thumb|De wenning oan it Fallaat 22 anno 2011 It Kingmahûs is in monumintaal pân oan de Fallaat yn Makkum.

Skiednis thumb|left|150px|Geveltop fan it pân mei klaustikken en jiertalcartouche It gebou oan de Fallaat 22 is neffens it jiertalcartouche út 1748. De Makkumer skipper, reder, fabrikant en keapman Hylke Jans Kingma wie de opdrachtjouwer foar de bou.

Efter de gevel geane grif noch dielen fan it út de 17e-iuw datearjende wenhûs skûl. De treppenske halsgevel hat byldhoude natuerstiennen klaustikken yn in Fryske fariant fan de Loadewyk XIV-styl (sjoch detailôfbylding). Yn de sydgevel yn de Brouwerssteech sit in gevelstien mei de ôfbylding fan in boat en it jiertal 1767. Dizze stien komt, neffens Stenvert [et al.] fan in yn dizze stege steand pakhûs. It wenhûs en it pakhûs wienen beide eigendom fan de famylje Kingma. Op de souder fan it pân wie in seilmakkerij. Restauraasjes wienen der yn de jierren 1773, 1839 en yn 1952 en 1953. Yn 1951 waard Kingma's Bank yn it pân fêstige. De famylje Kingma wie ek eigender fan de neistlizzende pânen op de nûmers 20 en 18.Leeuwwarder Courant d.d 26 januari 2007, side 5: Drie Kingmahuizen ‘borgelijk mooij’

Mei nûmer 20 is dit pân erkend as ryksmonumint. Yn 1986 kaam it Kingsmahûs oan de Fallaat 22 yn it besit fan de Stichting Monuminten Makkum en waard it brûkt as bestjoershûs fan dizze Stichting. Yn 2009 kaam it hûs troch skinking yn it besit fan de Vereniging Hendrick de Keyser.Bolswards Nieuwsblad d.d. 17 maart 2010, side 25: Kerkscheepje voor jubilerende Doniakerk It hûs wurdt troch de feriening restaurearre en krijt wer in wenfunksje.

Kategory:Hûs yn Wûnseradiel Kategory:Hûs yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Wûnseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk yn Makkum Kategory:Bouwurk út 1748