thumb|De Aaisikers troch Frank Zeilstra yn de tún by uit gemeentehûs fan Opsterlân yn Beetstersweach

Frank Marcel (Frank) Zeilstra (Amsterdam, 24 maart 1958) is in Nederlânske byldhouwer, keunstskilder en glêzenier.

De yn Amsterdam berne Zeilstra fêstige him as byldzjend keunstner yn Frjentsjer. Neist byldhouwurk makke Zeilstra ek glês-yn-leadramen foar de Ljouwerter skeane toer de Aldehou.Trouw, 26 july 2000: De sinne moat benammen yn Ljouwert skine Dit betrof in projekt foar ien kear yn it ramt fan Simmer 2000. Hy makke ek in ljochtobject dat by dizze keunstmanifestaasje yn de simmer fan it jier 2000 boppe-op de Aldehou setten waard.Ljouwerter Krante, 3 july 2000

Wurken yn de iepenbiere romte (seleksje) Wytmarsum Pim Mulier 1986, Penjumerstrjitte/Tsjerkeplein Beetstersweach De Aaisikers 1985, Haadstrjitte Wommels Clara Jacoba Freule de Vos van Steenwijk 1984, De Terp

Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk glêzenier Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk glêzenier Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1958