Foarfallen 15 jannewaris - Foar it earst wurdt de hege hoed droegen, yn Londen troch John Etherington. 3-4 febrewaris - It Kollumer Oproer fynt plak. 17 febrewaris - Spanje slacht de oanfal fan 'e Britske admiraal Horatio Nelson op Gran Kanaria ôf. 4 maart - John Adams wurdt de twadde presidint fan de FS. Hy regearret oant 1801. 12 maaie - Nei in ultimatum dêrta jout de Republyk Feneesje him sûnder betingsten oer oan 'e Frânske troepen fan Napoleon. 17 juny - De sjah fan Perzje, Aga Mohammed Khan Kadjar, wurdt yn Teheran fermoarde. 4 septimber - Napoleon stiftet de Ligueryske Republyk en de Sisalpynske Republyk. 17 oktober - Mei it sluten fan it Ferdrach fan Campio Formio wurdt de Republyk Feneesje, dy't dit jier persiis 1.100 jier bestiet, opheft en ferdield ûnder de Earste Frânske Republyk, de Sisalpynske Republyk (in Frânske fazalsteat) en it Aartshartochdom Eastenryk. 22 oktober - De Frânsman André-Jacques Garnerin makket as earste in parasjutesprong mei in eigenmakke parasjute.
Berne 6 jannewaris - Edward Turner Bennett, Ingelsk biolooch († 1836) 31 jannewaris - Franz Schubert, Eastenryksk komponist († 1828) 4 febrewaris - Pieter Klazes Pel, Frysk bestjoerder, dokter en froedmaster († 1878) 27 maart - Alfred de Vigny, Frânsk skriuwer († 1863) 14 april - J.L.C. Schroeder van der Kolk, Frysk heechleraar anatomy en fysiology († 1862) 17 maaie - Daniël de Blocq van Haersma de With, Frysk abbekaat, grytman en steatelid († 1856) 11 july - Otto de Boer, Frysk keunstskilder († 1856) 30 augustus - Mary Shelley, Ingelsk skriuwster († 1851) 30 septimber - Hobbe Baerdt van Sminia, Frysk politikus († 1858) 8 oktober - Eeltsje Hiddes Halbertsma, Frysk skriuwer en dokter († 1858) 29 novimber - Gaetano Donizetti, Italjaansk komponist († 1848) 13 desimber - Heinrich Heine, Dútsk skriuwer († 1856) datum ûnbekend Ando Hiroshige, Japansk keunstner († 1858) Reade Mûtse (Red Cap), opperhaad fan 'e Eastlike Dakota († 1881)
Ferstoarn 18 febrewaris - Jan Binnes (Kloosterman), Frysk boer en opstanneling (* 1744) 22 febrewaris - Karl Friedrich Hieronymus von Münchhausen (Baron von Münchhausen), Dútsk ofsier, aventoersman en swetser (* 1720) 10 septimber - Mary Wollstonecraft, Ingelske skriuwster en feministe (* 1759) 20 oktober - Dooitze Eelkes Hinxt, Frysk marine-offisier (* 1741) 16 novimber - kening Freark Willem II fan Prusen (* 1744) datum ûnbekend jonker Wytse Fons, Frysk ealman en bollehâlder (* 17??)
Literatuer poëzij Johann Wolfgang von Goethe, Der Zauberlehrling
Kategory:18e iuw