Koos Tiemersma (Frjentsjer, 20 maart 1952) wennet en wurket as ûnderwizer yn Kollumersweach. Nei in beskieden karriere yn de muzyk is er ein njoggentiger jierren útein set mei skriuwen. Yn 1999 stjoerde er syn earste ferhaal yn foar de Rely Jorritsmapriis. Yn 2002 ferskynde syn earste roman De Ljedder, dy't yn 2004 bekroand waard mei de Rink van der Veldepriis. Yn 2004 ferskynde syn twadde roman, De mjitte. Twa jier letter (2006) kaam syn tredde roman út mei as titel It liet fan de ibis. Foar de Fryske boekewike 2007 hat er it boekewikegeskink Mind games skreaun.

Op 25 desimber 2009 hâldt Koos Tiemersma nei tsien jier op mei skriuwenWebside fan Koos Tiemersma, argyf 2009.

Wurk De Ljedder (roman, 2002 oersetting yn 2007) (4e pr. 2010) De Mjitte (roman, 2004) It liet fan de ibis (2006) Mind games : fertelling fan in kaartehûs (2007) De mjitte: audioboek, foarlêzen troch Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma (2008) Under wetter (2009) Hoe blond je aap (2010) Ien is in swalker (2010) (E-Boek fan De Mjitte) Einum'' (roman, 2012)

Prizen Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Job – in alter (2000) Rink van der Veldepriis foar de roman De Ljedder (2004) Gysbert Japicxpriis 2015 foar de roman Einum

Boarne

Keppeling om utens Webstee Sirkwy fan Tresoar

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1952