Zürich (Switserdútsk: Züri, Italjaansk: Zurigo, Retoromaansk: Turitg, Latyn: Turicum) is de grutste stêd fan Switserlân en is haadstêd fan it kanton Zürich. Zürich leit oan de rivier de Limmat en de Sihl, yn in brede delling oan de mar fan Zürich (Zürichsee). It gebiet wurdt al goed twatûzen jier bewenne. Zürich is it ekonomysk sintrum fan Switserlân. Alle wichtige banken hawwe dêr in festiging, de Switserske beurs sit der en teffens is it it hannelsplak foar goud yn de wrâld.

Zürich is ferneamd as plak foar frijtinkers. Lenin hâlde der ta yn de tiid foar de revolúsje yn Ruslân, en it dadaïsme is der ûntstien. De Ierske skriuwer James Joyce en de Dútske Nobelpriiswinner Thomas Mann kamen yn Zürich te hôf. Op kultureel mêd binne der in soad museums, benammen it Kunsthaus hat in breed erkende samling.

Gebouwen fan belang binne it Grossmünster, it Kunsthaus Zürich, de ETH, de Universiteit en it Heidi Weber Haus fan de Switserske arsjitekt Le Corbusier.

Alle jierren, op de twadde sneon yn augustus, is dêr it grutte evenemint de Street Parade.

It besjen wurdich De tsjerken "Grossmünster" en "Fraumünster" mei û.o. fiif glês-yn-leadruten fan Marc Chagall De "De Hard-toer" (Hardturm), it âldste gebou fan de stêd It "Landesmuseum" De "Wasserkirche" Filmfestival fan Zürich

Berne yn Zürich Hans Conrad Escher vom Luchs senior (1743-1814), politikus Gottfried Keller (1819-1890), skriuwer Conrad Ferdinand Meyer (1825-1898), skriuwer Annemarie Schwarzenbach (1908-1942), skriuwster en fotografe Max Frisch (1911-1991), skriuwer en arsjitekt Mario Adorf (1930), Dútsk akteur Gian-Reto Plattner (1939-2009), politikus Bruno Ganz (1941), akteur John Brack (1950-2006), sjonger Heinz Hermann (1958), fuotballer en fuotbalcoach Martin Brunner (1963), fuotbaldoelman Stefan Huber (1966), fuotbaldoelman Alain de Botton (1969), skriuwer en filosoof Oliver Waespi (1971), komponist, dirigint en jurist Franco Marvulli (1978), hurdfytser Marco Cribari (1985), atleet Simon Walter (1985), atleet

Partnerstêden San Francisco (Feriene Steaten) Kunming (Sina)

Sjoch ek Surch

Kategory:Plak yn Switserlân Kategory:Plak stifte yn de 1e iuw