thumb|right|300px De Sektor kanton (foarhinne kantongerjocht) op It Hearrenfean sluet yn 2014. Earder foel dit kantongerjocht ûnder it arrondissemint en ressort Ljouwert.

Under sektor kanton It Hearrenfean foelen de gemeenten: It Hearrenfean, Lemsterlân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skarsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf.

Yn Fryslân wiene trije kantons. Neist It Hearrenfean wie der in kanton yn Ljouwert (dat bestiet noch) en in kanton yn Snits (dat ek yn 2013 sletten waard). Oant 1 novimber 2007 wie der ek noch in kanton yn Beetstersweach. Yn Nederlân wiene doedestiden sechtich kantons.

Sjoch ek Rjochterlike yndieling fan Nederlân Rjocht yn Fryslân

Kategory:Bouwurk op It Hearrenfean Kategory:Rjochterlike macht yn Nederlân Kategory:Gerjochtsgebou yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1811 Kategory:Organisaasje opheft yn 2013