It Sintrum foar Natuer en Lânskip is in natuermuseum en seeakwarium yn West, op it waadeiân Skylge.

It sintrum wol in byld jaan fan de natuer op Skylge en yn de see om Skylge. De gemeentlike ynstelling wol ek de wikselwurking tusken minsk en natoer yn ferline en heden dúdlik meitsje.

It sintrum bestiet út in natuermuseum, in oantal see-akwaria en der is in trochrinnende foarstelling fan unike waadfilms.

Sjoch ek list fan Fryske musea

Kategory:West-Skylge Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:Natoerhistoarysk museum Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting