thumb|220px|It mûldier Juancito op in ekspedysje yn Fjoerlân, Argentynje thumb|220px|Jong mûldier thumb|220px|Mûldier yn it Medina-kertier yn Fes, Marokko In mûldier is in krusing tusken in hynstemerje (Equus caballus) en in ezelshynst (Equus assinus).
Hynders en ezels binne ferskillende soarten, mei in ferskillend tal gromosomen. In mûldier ûnstiet makliker as in mûlezel (neisiet fan in hynst en in ezelinne). Alle manlike mûlbisten en fierwei de measte frouljusmûldieren binne ûnfruchtber.
De grutte fan it mûldier en it wurk dêr't it foar brûkt wurde kin, hinget it meast ôf fan de hynstemerje dêr't sy it measte eigenskippen fan meikrije. Mûldieren kinne licht, middelswier, as frijwat swier wêze, at de merje frijwat grut is., Horses and Horsemanship: Animal Agriculture Series; Interstate Publishers, Danville, IL.,1990. sdn. 85-87.
Leafhawwers fan it mûldier wolle hawwe dat sy "geduldiger en hurder binne as hynders en dat sy langer libje, en sy soene minder obstinaat, flugger en yntilliginter as ezels wêze.", The Mule Men: A History of Stock Packing in the Sierra Nevada, s. 5 (Mountain Press Publishing Co, Missoula, Montana, 2004). ISBN 0-87842-499-7
Skaaimerken en prestaasje It trochsneed gewicht fan in mûldier leit tusken de 370-460 kg.The Encyclopaedia Britannica: A Dictionary of Arts, Sciences, and General diel XVII, side 15. Utj. Henry G. Allen and Company, 1888. Sjoen op 2007-12-26 It is per bist ferskillend, mar in legermûldier kin trochstrings "oant 72 kg drage en dan 26 km rinne sûnder te rêsten."; BBC News: Beasts ease burden of quake victims, 2005-10-19. Sjoen 2010-04-06 Yn it generaal kin in mûldier oant sa'n 20% fan syn eigen lichemsgewicht drage, dat is likernôch 90 kg."More With Wayne Carlton On Elk Hunting" Hunter Specialties. Rieplachte op 1 juny 2009. It trochsneed hynder kin oant sa'n 30% fan syn lichemsgewicht oan 'libbebgewicht' tôgje, sa as in ruter. Hoewol't in mûldier dat persintaazje (oant 160 kg) meast net hellet, makket syn gruttere úthâlding him superieur oan it hynder wat dat oanbelanget.
It moaie fan it mûldier is dat er de grutte en de aksjeradius fan in hynder hat, mar dat er yn ferhâlding ta in hynder fan deselde grutte sterker is en dat er it gestel en úthâldingsfermogen fan de ezelhynst erve hat. Mûldieren hoege fierders safolle fretten net as in hynder fan deselde grutte.
Keppelings om utens British Mule Society Project Idaho Western Mule Magazine
Kategory:Fee Kategory:Hynder Kategory:Ezel Kategory:Hybride Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Hynste-eftige