thumb|300px|Ynterieur Lânboumuseum 't Hooivak is in lânboumuseum yn Hoarne op it waadeilân Skylge. De pleats út 1889 dêr't it húsmannet, hat noch de oarspronklike yndieling. De terskflier, de 'millem' en it 'schuntsje'. De grutte romte is ynrjochte mei autentyk boere-ark en -reau, wêrûnder in siedfioele, dongkarren en in Skylger boerewein.

Op it hiem fan bernebuorkerij 't Hooivak rint in soad lytsfee en oare bisten lykas ponnys, hinnen, kavia's, geiten, skiep, in hûn, in kat en kealtsjes.

It Heafek ûntfangt ek minsken mei in soarchferlet, foar eilander húshâldings en fakânsjegasten. Yn oerlis kin der in deibesteging makke wurde.

Sjoch ek List fan Fryske musea

Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:Hoarn (Skylge) Kategory:Fryske lânbou-organisaasje Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 20e iuw Kategory:Bouwurk út 1889 Kategory:Pleats yn Fryslân Kategory:Bouwurk op Skylge