thumb|250px|In Senepol-bolle De Senepol is in fleiskoweras dat ûntstien is op it Karibyske eilân St. Croix.

It ras waard foarme troch it krusen fan N'Dama-kij, dy't dêr ein 19e iuw ynfierd waarden út Senegal, mei de Red Poll. Dat barde yn de iere 20e iuw. Yn de Senepol binne eigenskippen fan de N'Dama, sa as wjerstân tsjin hjitte en ynsekten, feriene mei dy fan de Red Poll, sa as guodlikens, goed fleis en in hege molkproduksje. It ras hat gjin hoarnen, hat koart hier en is read, swart as brún fan kleur.

Sjoch ek List fan kowerassen

Keppelings om utens Senepol Cattle Breeders Association Australyske Senepol Cattle Breeders Association The Senepol Cattle Breeders' Society fan Súd Afrika

Kategory:Koweras Kategory:Domestisearre bisteras út de Amerikaanske Famme-eilannen