thumb|250px|Keppel N'Dama's yn West Afrika N'Dama is in koweras út West-Afrika fan it Bos taurus-type. Oare nammen foar it ras binne Boenca of Boyenca (Guinee-Bissau), Fouta Jallon, Fouta Longhorn, Fouta Malinke, Futa, Malinke, Mandingo (Libearia), N'Dama Petite (Senegal). Oarspronklik komme sy fan de heechlannen fan Guinee, mar hâlde no ek ta yn it suden fan Senegal, Guinee-Bissau, Gambia, Maly, Ivoarkust, Libearia, Nigeria en Sierra Leöane. It ras is trypanotolerant, dat it is in gaadlik ras foar kontreien dêr't de tseetseemich in protte foarkomt., Cattle Genetic Resources Elsevier Health Sciences, 1991 ISBN 0444886389 s.34Oklahoma State University breed profile N'Dama's hawwe in hege tsjinwar foar syktes dy't oerbrocht wurde troch tiken en foar beskate maachwjirmen (Haemonchus contortus).FAO study; The state of agricultural biodiversity in the livestock sector s. 99

Yn de 19e iuw waard N'Damafee út Senegal wei ymportearre op it Karibyske eilân St. Croix en dêr letter krúst mei Redpolls, dêr't it ras Senepol út ûntstie.Oklahoma State University

Sjoch ek List fan kowerassen

Kategory:Koweras Kategory:Domestisearre bisteras út Guinee