thumb|350px|It plan út 1930; foar de nûmers sjoch de fotogalery

De Sân Susters (Russysk: "wisotky") binne in groep Stalinistysk-goatyske wolkekliuwers boud ûnder it regear fan Stalin yn Moskou, reekommen yn 1953. Yn de arsjitektuer sitte eleminten fan de midsiuwske gotyk en fan de barokke Kremlintuorren. De boustyl fan de Amerikaanske "skyscrapers" út de jierren 30 fan de 20e iuw is ek te werkennen.

De Sân Susters: It haadgebou fan de Steatsuniversiteit fan Moskou In appartemintegebou oan de Kotelnichskaja Naberezjnaja In appartemintegebou oan it Kûdrinskajaplein Hotel "Oekraïne" Hotel "Leningrad" It Ministearje fan Utlânske Saken It Ministearje fan Swiere Yndustry

De grutste toer bûten de Sowjetuny, dy't wat styl en ôfmjittings oanbelanget net ûnderdocht by de 'sân', is it Paleis fan Kultuer en Wittenskippen yn Warsjau, Poalen.

Yn 2003 waard it Triumph-Palace oplevere, nei it skynt it heechste gebou yn Jeropa. It wurdt beskôge as de achtste suster.

De Sân Susters

Kategory:Bouwurk yn Moskou Kategory:Wolkekliuwer yn Ruslân Kategory:Bouwurk út 1953