De Frysk-Hollânske ko (FH) is in koweras dat yn Nederlân har oarsprong hat.
Eartiids bestie in grut part fan de Nederlânske feestapel út dizze meast swartbûnte hoarnbisten. In lyts persintaazje fan de Frysk-Hollânske kij is fanâlds readbûnt en soms grys. It binne saneamde dûbeltdoel kij, dat wol sizze dat it ras gaadlik is foar molke- en fleisproduksje. Tsjintwurdich binne fierwei de measte boeren spesjalisearre yn molkfeehâlderij (greidboeren) of fleisfeehâlderij. Greidboeren yn Nederlân hawwe benammen Holstein-Friesian kij, in ras dat fuortkaam is út it Frysk-Hollânsk ras.
Sjoch ek List fan kowerassen
Keppelings om utens De webside fan de stichting Readbûnt Frysk Fee De side fan de FH vereniging De side fan de Dútske DSN feriening De side fan de Britske Friesian Breeders club
Kategory:Koweras Kategory:Domestisearre bisteras út Fryslân Kategory:Domestisearre bisteras út Nederlân