Stasjon De Westereen (Dwe) is it stasjon fan De Westereen. It leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins (Steatsline B) en wurdt betsjinne troch Arriva.
Sûnt 1885 stoppe der yn De Westereen twa kear deis in trein en stie der in ienfâldich stasjonsgeboutsje, mar yn maaie 1902 waard it in offisjeel stasjon en waard it ienfâldige gebouke ferfongen troch in echt stasjonsgebou, dat yn 1952 sloopt waard.
Yn 1955 waard in nij gebou set neffens in ûntwerp fan spoararsjitekt Koen van der Gaast, dat lykwols yn 2003 sloopt en ferfongen waard troch in abry.
Ein fan de 20e iuw is it spoar ferdûbele en lizze de perrons foar elkoar oer. De line line wurdt eksploaitearre troch Arriva, dy't der mei de WINK-treinen rydt.
Treintsjinsten Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster Ljouwert - Grins Stoptrein Arriva 2x it oere - sneins: 1x it oere nei 21:00 (2022)* Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Kategory:De Westereen Westereen Kategory:Bouwurk yn Dantumadiel Kategory:Bouwurk út 1885 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1902 Kategory:Bouwurk út 1902 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1952 Kategory:Bouwurk út 1955 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2003 Kategory:Bouwurk út 2003