Stasjon Buerstermûne wie in halte oan it spoar Stiens-Harns, in ôftakking fan it Dokkumer Lokaaltsje fan de NFLS.
De halte, iepene op 2 desimber 1902, lei op 4 kilometer fan Stiens en hie as ôfkoarting Vbm (fan Vrouwbuurtstermolen). Op 1 desimber 1940 waard de halte opheft. It stasjonsgebou út 1901 bestiet noch altyd.
Kategory:Alde Leie Buerstermûne Kategory:Bouwurk yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk yn Ljouwerteradiel Buerstermûne Kategory:Bouwurk út 1901