thumb|Sparta-trainer Hughes Barry Hughes (Caernarfon, 31 desimber 1937 - 2 juny 2019) wie in eardere Britske fuotballer, fuotbaltrainer en sjonger.

Hughes waard berne yn Wales en spile as fuotballer by de Ingelske klup West Bromwich Albion. Letter gie er nei Nederlân dêr't er ûnder oaren by Blauw-Wit spile. Hughes syn wurkpaad as trainer begûn yn Harns, letter gie er nei Alkmaar. As trainer fan HFC Haarlim ûntdekte hy Ruud Gullit. Hughes wurke ek noch by Go Ahead, dat er omdoopte yn Go Ahead Eagles, Sparta, FC Utert, MVV, FC Volendam eardat er yn 1986 foat de twadde kear by Sparta trainer waard.

Hughes waard yn Nederlân ek ferneamd as sjonger fan karnavalslieten en telefyzjepersoanlikheid. Hy presintearre op telefyzje de Barry Hughes-kwis en spile gastrollen by De Mounties.

By Beerschot VAC einige er yn 1989 syn trainerskarriêre. Hughes wie troud mei de eardere presintatrise Elles Berger.

Biografy Johan Derksen skreau yn 1987 in biografy oer Hughes: De Entertrainer.

Kategory:Welsk fuotballer Kategory:Welsk fuotbaltrainer Kategory:Welsk sjonger Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Nederlânsk fuotbaltrainer Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk persoan fan Welsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2019