Albanezen binne in folk op it Balkan-skiereilân.
Wêr't de Albanezen wei komme is ûndúdlik. De measte skiedkundigen en taalkundigen tinke oan in Illyryske of in Daso-Trasyske oarsprong.
Albanezen foarmje de grutte mearderheid fan de befolking yn Albaanje, Kosovo en it westen fan Masedoanje. Yn Grikelân meitsje sy diel út fan de moslimminderheid. Ek bûten de Balkan wurde grutte groepen oantroffen, fral yn Turkije, Grut-Brittanje, Itaalje en de Feriene Steaten.
De Albanezen sprekke Albaneesk, in Indo-Europese taal sûnder nauwe besibbenens. It Albaneeske alfabet is basearre op it Latynske alfabet en hat 36 letters.
De measte Albanezen binne soennityske moslims. Wichtige religieuze minderheden binne Bektashi-moslims, Albaneesk-ortodoksen en Roomsk-katoliken.
Kategory:Illyrysk folk Kategory:Etnyske groep yn Albaanje Kategory:Etnyske groep yn Kosovo Kategory:Etnyske groep yn Bulgarije Kategory:Etnyske groep yn Grikelân Kategory:Etnyske groep yn Itaalje Kategory:Etnyske groep yn Kroaasje Kategory:Etnyske groep yn Montenegro Kategory:Etnyske groep yn Noard-Masedoanje Kategory:Etnyske groep yn de Oekraïne Kategory:Etnyske groep yn Roemeenje Kategory:Etnyske groep yn Servje Kategory:Etnyske groep yn Turkije