thumb|250px|Victoria Sylvstedt Karen Victoria Silvstedt (Skellefteå, 19 septimber 1974) is in Sweedsk model, neakenmodel, aktrise en sjongster. Hja wie de Playboy Playmate fan it Jier 1997.

Libben en wurk Fan jongs ôf oan mocht sy graach skye en sy waard lid fan it Sweedske skyteam. Sy moast lykwols ophâlde nei in slimme skouderblessure.

Se die mei oan de Miss Sweden-ferkiezing en waard twadde nei Johanna Lind. It jier dêrnei fertsjintwurdige sy har lân by de Miss World-ferkiezing en wie sy ien fan de acht finalisten. Yn 1994 waard sy model yn Parys, mei opdrachten foar bedriuwen as Chanel, Christian Dior, Givenchy, Valentino en Giorgio Armani.

Silvstedt wol hawwe dat har favorite hobby sjongen is. Yn 2001 naam sy in album op mei de titel Girl on the Run, mei dêrop de single Hello Hey.

Sy spile mei yn Hollywood-films as Boat Trip, The Independent, BASEketball en Out Cold.

Silvstedt kin har rêde yn it Sweedsk, Ingelsk, Frânsk en Italjaansk.

Diskografy Album Girl on the Run (1999)

Singles Hello, Hey (1999) Rocksteady Love (1999) Party Line (1999) Saturday Night (2010)

Filmografy BASEketball (1998) The Independant (1998) Melrose Place (TV-rige) (1999) Naken (2000) Ivans XTC (2000) She Said I Love You (2001) Cruel Game (2001) Out Cold (2001) Boat Trip (2002) Beach Movie (2003) Victoria Silvstedt : My Perfect Life (reality-rige) (2008)

Keppelings om utens Victoria Silvstedt Offisjele webside Victoria by Playboy.com

Kategory:Sweedsk model Kategory:Winneresse fan in missferkiezing Kategory:Sweedsk neakenmodel Kategory:Sweedsk telefyzjepresintator Kategory:Sweedsk filmakteur Kategory:Sweedsk sjonger Kategory:Sweedsk skyer Kategory:Sweedsk autobiograaf Kategory:Sweedsk societystjer Kategory:Playboy Playmate fan it Jier Kategory:Persoan berne yn 1974