Stasjon Moarre-Ljussens (Ml) wie in stopplak oan it eardere spoar fan it Dokkumer Lokaeltsje. De halte waard iepene op 24 augustus 1913 en sluten op 15 maaie 1935. It stasjonsgebou út 1909 bestiet noch en stiet der yn goede, hast orizjinele steat by.

It stasjon is boud neffens it stasjonsûntwerp mei de namme Standaardtype NFLS, dat benammen brûkt waard foar spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon Moarra-Ljussens foel yn it type NFLS halte 3e klasse.

Moarre-Ljussens Kategory:Bouwurk yn Dongeradiel Kategory:Bouwurk yn Noardeast-Fryslân Moarre Kategory:Ljussens Kategory:Moarre Kategory:Bouwurk út 1909