Halte Hallum (Hll) wie in stopplak oan it eardere spoar fan it Dokkumer Lokaeltsje. It stopplak fan Hallum waard boud yn 1900, iepene op 22 april 1901 en sluten op 1 desimber 1940.

Dit stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standaardtype NFLS, dat benammen brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon Hallum foel binnen it type NFLS halte 2e klasse.

It stasjonsgebou waard tusken 1970 en 1974 sloopt. De loads dy't tsjin it gebou oanboud wie bestiet noch altiten en wurdt tsjintwurdich as showroom foar in autodealer brûkt.

Hallum Kategory:Bouwurk yn Ferwerderadiel Kategory:Earder bouwurk yn Noardeast-Fryslân Hallum Kategory:Bouwurk út 1900 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1970