thumb|Dadara thumb|Dadara thumb|Greyman Dadara (Lodz, 8 febrewaris 1969), is de artystenamme fan Daniel Piotr Rozenberg – in Amsterdamske keunstner.
Kaam as poppe mei syn âlden nei Nederlân. Nei de middelbere skoalle gie er nei in soad ferskillende opliedings op it mêd fan keunst en design: fan wurktúchboukunde oan de TU Delft en byldzjende keunsten yn De Haach. Studearret oan de Media en Design Academie yn Genk, Belgje, en de Akademy foar Yndustriële Foarmjouwing yn Eindhoven. Yn 1992 studearret er ôf oan de Willem de Kooning Academie yn Rotterdam. Op de weagen fan de House en Techno makket er namme as ikoanografysk keunstner fan de 'rave en Roxy'-generaasje. Under de namme Dadara makket er platehoezen en flyers. Letter giet dit oer yn ynteraktive keunstynstallaasjes mei in maatskippijkrityske ûndertoan.
Makket in soad ferskillende keunst, fan cartoons, flyers, totempeallen, skilderijen en dvd's nei grutte ynteraktive keunstynstallaasjes. Jout kommentaar op de hjoeddeiske maatskippij troch fleurige kleuren, humor en each foar detail. Syn earste opfallende wurk is de Greyman, in byld fan njoggen meter heech dat op it Museumplein stie.
Blies ek in rôze tank op en bewekke as sadistyske dûaneman de grins tusken dream en werklikheid. Yn 2010 neamt er himsels bankdirekteur wêrby't er jild ta keunst makket. It is in fersetsteken fan de keunst tsjin de bankekrisis. Makke skilderijen fan Nul, Miljoen en Infinity wurde as seefdruk útjûn. De bankbiljetten kinne op in webside ynruile wurde foar keunst.
Tentoanstellings Solotentoanstelling Guantanamo Brain, Famous, Amsterdam REFLEX Modern Art Gallery. Groepstentoanstellings Salon de l'amitié, Arti et Amicitia, Amsterdam Art car parade, Orange Show center for Visionary Art, Houston, USA States of Exception, Centraltrak, Dallas, USA This is the end of the world, MOHS exhibit, Kopenhagen, Denemark Ostrale, Dresden, Dútslân Centraltrak, Dallas, USA Lowlands, Biddinghuzen Lêzings Dreamyourtopia, Dallas Museum of Art Architecture Slam, TU Delft Pecha Kucha, Mediamatic, Amsterdam Pecha Kucha, IMA Design village, Berlyn
Kategory:Poalsk keunstskilder Kategory:Poalsk yllustrator Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1969