Växjö is in stêd yn it lânskip Småland yn Sweden. It is it haadplak fan de gemeente Växjö en ek de haadstêd fan de provinsje Kronobergs län. Der is in fleanfjild en de Universiteit fan Växjö.

De fuotbalklup Östers IF, dy't yn de Allsvenskan spilet, komt út Växjö.

Op 1 febrewaris 2007 ûntfong Växjö de Sustainable Energy Europe Award 2007 foar syn krewearjen om de stêd frij te meitsjen fan fossile brânstoffen. Dat doel wurdt berikt troch in enerzjy- en waarmtesintrale dy't mei ôffal fan de houtyndustry oanmakke wurdt. Yn tsien jier tiid slagge it om de CO2-útstjit mei 25% te ferleegjen. Dy leit no op 3,5% de man (de Sweedske trochsneed is 5%)

Demografy Jier Befolking 1960 22 784 1965 29 354 1970 39 019 1975 40 328 1980 42 632 1985 - 1990 46 735 1995 49 865 2000 51 790 2005 55 600 2010 64 200 SCB - Befolkning i tätorter 1960-2005

Partnerstêden Almere

Berne yn Växjö Jonas Björkman (23 maart 1972), tennisser Pär Lagerkvist (23 maaie 1891 – 11 july 1974), skriuwer en dichter Thomas Ravelli (13 augustus 1959), fuotballer Mats Wilander (22 augustus 1964), tennisser

Sport Växjö Golfklubb, golfbaan mei 18 holes

Kategory:Plak yn Sweden Kategory:Plak yn Småland