thumb|300px|right|Tradisjoneel Pontysk hús
Mei Pontyske Griken wurde ornaris alle Griken oantsjutten út de Pontus en oare omkriten lâns de Swarte Seekust. Hja wenje benammen yn Grikelân, Georgje, Ruslân, de Oekraïne (de Krim), Kazachstan en Turkije. Tradisjoneel sjoen sprekke sy Pontysk, in fariant fan it Gryksk. Wat religy oangiet binne de Pontyske Griken Gryksk-orthodoks kristlik of soennitysk islamitysk (fral dy't yn Turkije libje).
Skiednis Under de Earste Wrâldkriich en de dêrop folgjende Turkse Unôffhinklikheidsoarloch (dêr't de Gryksk-Turkse Oarloch diel fan útmakket) kamen in protte Anatolyske Ponten om it libben.Library Journal Review of Not Even My Name by Thea Halo. Yn 1923 waarden de measte fan de oerlibjende Pontyske Griken nei Grikelân oerbrocht, as gefolch fan de befolkingsútwikseling tusken Turkije en Grikelân.
Kategory:Griken Kategory:Etnyske groep yn Turkije Kategory:Etnyske groep yn Armeenje Kategory:Etnyske groep yn Georgje Kategory:Etnyske groep yn Grikelân Kategory:Etnyske groep yn de Oekraïne Kategory:Etnyske groep yn Ruslân Kategory:Etnyske groep yn Kazachstan