290px|right De provinsjes fan Sweden (Sweedsk: Sveriges län) foarmje de heechste regionale bestjoerslaach fan it lân. Der binne hjoeddedei 21 provinsjes dy't elts in eigen bestjoer (länsstyrelse) mei in gûverneur (landshövding) hawwe. Dizze provinsjebestjoeren funksjonearje as nasjonale autoriteiten dy't tafersjoch hâlde op de gemeenten, en politike doelen mei it regear koördinearje.

Län Koade Oerfl. (km²) Befolking (2005) Haadstêd Sûnt Blekinge län K 2.941 150.696 Karlskrona 1683 Dalarnas län W 28.194 275.755 Falun 1997 Gävleborgs län X 18.191 275.994 Gävle 1762 Gotlands län I 3.140 57.488 Visby 1678 (?) Hallands län N 5.454 285.868 Halmstad 1719 Jämtlands län Z 49.443 127.028 Östersund 1810 Jönköpings län F 10.475 330.179 Jönköping 1687 Kalmar län H 11.171 233.944 Kalmar 1634 Kronobergs län G 8.458 178.443 Växjö 1674 Norrbottens län BD 98.911 251.740 Luleå 1810 Örebro län T 8.517 274.121 Örebro 1634 Östergötlands län E 10.562 416.303 Linköping 1634 (?) Skåne län M 11.027 1.169.464 Malmö 1997 Södermanlands län D 6.060 261.895 Nyköping 1634 Stockholms län AB 6.490 1.889.945 Stokholm 1714 (?) Uppsala län C 6.989 304.367 Uppsala 1634 Värmlands län S 17.583 273.288 Karlstad 1779 Västerbottens län AC 55.432 257.652 Umeå 1638 Västernorrlands län Y 21.678 243.736 Härnösand 1762 Västmanlands län U 6.302 261.391 Västerås 1634 Västra Götalands län O 23.942 1.528.455 Göteborg 1998

De 21 provinsjes binne fierder opdield yn 290 gemeenten.

Skiednis De provinsjes waarden yn 1634 op inisjatyf fan greve Axel Oxenstierna oprjochte, om de Sweedske lânskippen te ferfangen, mei it doel in modernere bestjoersyndieling te skeppen.

De grutste wiziging wie der nei de Finske Oarloch (1808-1809), doe't Sweden twongen waard om de eastlike greefskippen oan Ruslân ôf te stean as gefolch fan de Frede fan Fredrikshamn (1809). Dochs wurdt it systeem nei goed 370 jier noch hieltyd brûkt.

Sjoch ek Sweedske lânskippen

Kategory:Geografy fan Sweden

fa:فهرست استان‌های سوئد uk:Адміністративний поділ Швеції