Hessel Vegelin fan Claerbergen (19 oktober 1655 - Leien, 28 novimber 1715), soan fan Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen en Fokje fan Sminia, grytman fan Utingeradiel.

Op 27 jannewaris 1683 grytman fan Utingeradiel. Ferwiksele dizze gritenij mei dy fan Haskerlân op 15 maart 1689 en die hjirfan ôfstân yn 1707 foar syn âldste soan.Buitenplaatsen in de Gouden Eeuw: De rijkdom van het buitenleven in de Republiek, side 101; redaksje Y. Kuiper, Ben Olde Meierink en Elyze Storms-Smeets Yn 1683 wie hy ek lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Ferstoar nei in operaasje. Troude op 7 novimber 1683 mei Anna Maria (* 1653), dochter fan Assuerus fan Viersen, rintmaster fan de domeinen, en Jisck fan Geersma, dy't him seis bern skonk en op 12 july 1696 ferstoar. Hessel Vegelin van Claerbergen hie sterke bannen mei it steedhâlderlik hûs en gie fertroulik om mei Maria Louise.

Eysingahûs Oan de ein fan de santjinde iuw kocht hy it Eysingahûs oan de Turfmerk yn Ljouwert. Van Claerbergen brûkte it Eysingahûs foar gasten. Neidat er yn 1707 bestjoerder-ôf wurden wie wreide hy it pied-à-terre fan it Eysingahûs út mei oangrinzjende huzen oan de Keningsstrjitte en de Foarstreek. Syn soan Johan (1690-1773), dy't under mear deputearre en ôffeardige nei de Steaten-Generaal wie,brûkte it Eysingahûs ek as syn ûnderkommen yn de Fryske haadstêd. Oer it Eysingahûs

Sjoch ek Oer it laach Vegelin fan Claerbergen‎ List fan grytmannen fan Haskerlân

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Haskerlân Kategory:Grytman fan Utingeradiel Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan dy't omkommen is troch komplikaasjes by in operaasje Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Hessel 1655 Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1655 Kategory:Persoan stoarn yn 1715