thumb|Ekland mei Peter Sellers, 1964 Britt-Marie (Britt) Ekland (Stokholm, 6 oktober 1942) is in Sweedsk aktrise. Sy waard it meast ferneamd troch har rollen yn The Night They Raided Minsky's, Baxter!, The Double Man, Get Carter, de kultfilm The Wicker Man en The Man with the Golden Gun.

Libben en wurk Britt Ekland waard berne yn Sweden, mar ferhuze letter nei Ingelân dêr't sy ferneamd waard troch har houlik mei Peter Sellers yn 1964. Yn Rome wie Ekland earder troch in talintscout fan 20th Century Fox Studios ûntdekt en nei Peter Sellers yn Hollywood stjoerd. Yn 1965 waard harren dochter Victoria berne. Sy hawwe tegearre twa films makke. Desimber 1968 binne sy offisjeel út elkoar gien. Mids jierren '70 hie Ekland in ferhâlding mei rockmuzikant Rod Stewart, dy't foar it liet You're in My Heart skreau. Fan produsint Lou Adler hat Ekland in soan, Nicholai (1973).

It hichtepunt yn Ekland har filmkarriêre kaam mei de rol fan Bond-famke yn de James Bond-film The Man with the Golden Gun (1974). Yn dy film spile sy neist Roger Moore en Christopher Lee. Ekland hie al earder audysje dien foar de rol fan Bond-famke yn de earste Bondfilm Dr. No (1962), mar dy rol gie doe nei Ursula Andress.

Nei 1990 hat sy gjin filmrol mear hân, mar wie sy wol út en troch yn it teäter en yn rollen op telefyzje te sjen, sawol yn Ingelân as Sweden.

Ekland mei graach fitnessje en dêrom hat sy yn 1984 in boek oer fitness skreaun en yn 1992 makke sy ek in fitnessfideo.

Filmografy (kar-út) 1962: The Happy Thieves 1965: Too Many Thieves 1966: Caccia alla volpe (Jei op de foks) 1967: The Bobo 1967: The Double Man 1968: The Night They Raided Minsky's 1969: Stiletto 1971: Diabólica malicia 1972: Asylum 1972: Get Carter 1973: The Wicker Man 1974: The Man with the Golden Gun - as Bond girl 1978: Slavers (Regy: Jürgen Goslar) 1978: King Solomon's Treasure 1985: Marbella, un golpe de cinco estrellas 1985: Fraternity Vacation 1987: Moon in Scorpio 1989: Scandal - as prostituee Mariella Novotny

Autobiografy , True Britt, Simon & Schuster (febrewaris 1984) ISBN 0139310894

Keppelings om utens Britt Ekland yn IMDb Britt Ekland - From Sweden With Love

Kategory:Sweedsk telefyzje-akteur Kategory:Sweedsk filmakteur Kategory:Dielnimmer oan in Britsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Sweedsk sjonger Kategory:Sweedsk autobiograaf Kategory:Persoan berne yn 1942