Manon Ida Elisabeth (Manon) Alving (Amsterdam, 4 april 1923 - Fryske Peallen, 7 augustus 2010) wie in mearsidige aktrise mei dy't oant op hege jierren aktyf bleau. Sy rjochte mei Jaap Maarleveld yn 1966 it regionale toanielselskip de Noorder Compagnie op, de foarrinder fan it Noord Nederlands Toneel.
Nettsjinsteande al dy rollen is se by it grutte publyk net sa hiel bekend, dêrfoar hat se mooglik te min film- en tv-rollen spile. Goed sechtich jier aktearde se lykwols op in heech nivo. Mei har man Jaap Maarleveld hie se de artistike lieding by toanielgroep Noorder Compagnie. Ut dit ensemble kamen akteurs fuort as Rutger Hauer en Peter Tuinman. Ek nei har pinsjonearring bleau se aktearjen. Het fijne van toneelspelen is dat het je oplaadt, sei se yn 2003 yn de Ljouwerter Krante doe't se by it Nationale Toneel in gastrol spile yn de produksje De dochters van King Kong. Achter de geraniums zitten lijkt me vermoeiender.
Nei har stúdzje oan de Amsterdamske toanielskoalle debutearre Manon Alving yn 1948 by it Rotterdams Toneel, as Miranda yn 'De stoarm' fan Shakespeare. Dêrnei spile se by ferskate oare selskippen. Troch har elegante présence en har stim spile se in soad grutte tragyske rollen, mar troch har alsidichheid spile hja ek yn lichter repertoire.
Filmografy Aktrise (40 titels) 2010 Bloedverwanten (TF-rige) – Schuldbekentenis (2010) … frou van de Ven – Een nieuwe aandeelhouder (2010) … frou van de Ven – Begin van het einde (2010) … frou van de Ven
2009 Verborgen gebreken (TF-rige) – De bekentenis (2009) … frou Oudewater
2009 Vaderdag (koart) Old Keetje
2008 Flikken Maastricht (TF-rige) – De bestorming (2008) … Marcel syn beppe
2008 De co-assistent (TF-rige) – Zeilen (2008) … frou Klever
2008/I Tiramisu Aldere frou (as Manon Maarleveld-Alving)
2007 Spoorloos verdwenen (TF-rige) – De verdwenen stiefmoeder (2007) … Esther Wijnstok/Sarah Neuman
2005 Keyzer & de Boer advocaten (TF-rige) – Waar rook is, Is vuur (2005) … frou Van Tellingen
2004 Zes minuten (TF-rige) – Episoade #1.5 (2004) … Marjan
1995-2004 Toen was geluk heel gewoon (TF-rige) – Vakantie (2004) … mem Harmsen – De stropdas (2000) … mem Harmsen – Reïncarnatie (2000) … mem Harmsen – Maansverduistering (2000) … mem Harmsen – The Beatles (2000) … mem Harmsen
2004 Ernstige delicten (TF-rige) – Hart van Steen (2004) … frou Bos
2003 Wet & Waan (TF-rige) – Het geheim van de raadkamer (2003) … Boeti van Bladeren
2000 De aanklacht (TF-rige) – Thijs (2000)
2000 In goede aarde (TF-rige) – Hoogzomer (2000)
1999 In de clinch (TF-rige) – Jingle Bells (1999) … Buorfrou
1999 Heterdaad (TF-rige) – Episoade #4.8 (1999) … Antikêrr
1998 Wij Alexander (TF-rige) – Diel 3 (1998) … Widdo van Dijck
1996 Het sluitend bewijs
1995 Baantjer (TF-rige) – De Cock en de moord op de moordenaar (1995) … frou Huberts
1995 Chopsticks (TF-film)
1994 Help (TF-rige) – Time Sharing (1994)
1993 Recht voor z'n Raab (TF-rige) – Het offer (1993) … Berthe
1991 Prettig geregeld (TF-rige) – Hoe meer vreugd, hoe meer zielen (1991)
1989 Medisch Centrum West (TF-rige) – Het geheim (1989) … frou Verdonk
1989 Simon Winner (TF-rige) – De verdwenen molenaar (1989) … mûndersfrou
1986-1987 Dossier Verhulst (TF-rige) – Een nieuwe zet (1987) … Betsie Groen – De vergelding (1987) … Betsie Groen – De aanslag (1987) … Betsie Groen – De confrontatie (1987) … Betsie Groen – De koude douche (1986) … Betsie Groen
1987 Een nieuwe dood (TF-film) - Mary Lucas
1986 De aanslag - Frou de Graaff
1985 Nurse Lydia's Flight to Happiness (koart) - Frou Visser
1983-1985 Mensen zoals jij en ik (TF-rige) – De Clown/Konijn in de hoed (1985) … eardere slachtoffer – Champagne en kaviaar/De bekering/De laatste tram (1983) … húsfrou
1982 Een gelukkige familie (TF-film)
1981 Mata Hari (TV mini-riges) – 3e diel (1981) … Juffer Plaat – 1ste diel (1981) … Juffer Plaat
1981 Een vlieger voor god - Mem
1980 De beslagen spiegel (TF-rige) – Twee broden (1980)
1979 Kort Amerikaans - Mem fan de Spin
1975 Dokter Pulder zaait papavers - Frou fan Inge Liedaerd
1963 Schuld en boete (TF-film) -Katherina Iwanowna
1962 Al te bont! (TF-film) - Lily Thompson
1962 Traan (TF-film) syn frou Ann
1961 De vier dochters Bennet (TF mini-rige) Charlotte Lucas
1959 De erfgename (telefyzjespul) Catherine Sloper
Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Fryske Peallen Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 2010