De Willem Wilminkpriis is in priis foar it bêste berneliet. De priis wurdt alle twa jier útrikt oan de makker(s) fan in liet foar bern/jongerein yn de leeftiid fan de basisskoalle dat yn de foarôfgeande twa jier skreaun of útkomd is op cd of dvd of útfierd is yn it teater of op tv.
De priis is ferneamd nei de dichter/skriuwer Willem Wilmink.
Inisjatyfnimmers foar de priis binne: Stichting Enschede Promotie en de Stichting Willem Wilminkfestival. It idee foar de priis komt fan berneboekeskriuwers Koos Meinderts en Sjoerd Kuyper.
De priis bestiet út in jildbedrach fan € 5.000,- (dêr't € 4.000,- fan ornearre is foar de tekstdichter en € 1.000,- foar de komponist), in oarkunde en in byld dat in harkjende skriuwer foarstelt, ûntwurpen en makke troch byldzjend keunstner Helga Kock am Brink út Ynskedee.
Winners jier liet tekstdichter toandichter oantekening 2010 Opa Hans Kuyper Mattie Poels bernesjuerypriis 2010 Onberispelijk Ted van Lieshout Oene van Geel 2012 Roodkapje Marjet Huiberts Benaïssa Linger bernesjuerypriis 2012 Maite Maria Koos Meinderts Thijs Borsten 2014 Op de markt Floortje Schoevaart Henny Vrienten 2016 Snap je? Optellen van breukenJan BeuvingAkwasi 2018 Kilo, pond en ons Katinka PoldermanKenny B2019Kijk Eens Wat Ik KanJeroen SchipperKirsten Vermeij2020 Net útrikt Willem Wilminkprijs www.wilminktheater.nl2021 StotterenTyphoon2022Give me some skinJurrian van DongenKeez Groenteman songen troch Maarten Heijmans, Rop Verheijen en Jesse Mensah2023Een soort van Jurrian van DongenPeter van de Witte songen troch Marie-Mae van Zuilen2024Je weet dat je wat mistJurrian van DongenJan Groenteman en Keez Groentemansongen troch Jesse Mensah2025 Keti Koti Glynis Terborg, Desai Breeveld en Jurrian van DongenRemko Rijpkemasongen troch Joy Wielkens
Kategory:Nederlânske kultuerpriis Kategory:Nederlânske muzykpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2010